Bistepensjonnen sitte hartstikke fol: "Al sûnt april 'nee' ferkeapje"

07 jul 2021 - 13:27

De bistepensjonnen sitte dizze simmer hartstikke fol en kinne earst nei de simmerfakânsje wer nije hûnen opnimme. Dat komt wierskynlik trochdat in soad minsken yn de coronatiid in hûn kocht hawwe en no wer op fakânsje sille.

Foto: Pixabay

Foar de simmer sitte bistepensjonnen hielendal fol. Dat jildt ek foar Sjoukje Hiemstra, sy hat in hûneopfang op 'e Haule. "Wy hawwe romte foar 35 hûnen en dêr kin neat mear by. Ik moat al sûnt april 'nee' ferkeapje."

Sy sjocht in dúdlik ferskil mei ferline jier: "Ferline jier hie ik yn trochsneed tweintich hûnen op in dei, dus koene wy wat trochgean en ek noch nije klanten oannimme yn de simmer." Dit jier sit de opfang foar de simmer fol. "As nije klanten by ús komme wolle, dan haw ik earst yn oktober wer plak."

Hûn meinimme of thúsbliuwe

Minsken dy't net mear terjochte kinne hawwe in pear mooglikheden: "Wy tinke altiten mei de klant mei, dus faaks is der noch in pensjon yn 'e buert. Oars is it advys de hûn meinimme of thúsbliuwe. Wy hawwe hjir yn Fryslân dochs ek in moai plak?"

Sjoukje Hiemstra oer drokte by bistepensjoenen

Trefwurden: 
De Haule hûnen bistepensjon
(Advertinsje)
(Advertinsje)