Mear as hûndert Fryske boeren by boereprotest yn Assen

By it provinsjehûs yn Assen steane 500 boeren, dêr binne ek mear as hûndert Fryske boeren by. De boeren protestearje tsjin de stikstofregels.
Mear as hûndert Fryske boeren by boereprotest yn Assen
Op fiif plakken yn it lân wurdt woansdei protestearre. Oanlieding fan de demonstraasjes is ûnfrede by de boeren, sy fine dat sy ferantwurdlik holden wurde foar it stikstofprobleem. Boer Ype Reitsma is yn Assen en leit út wat it doel is: "De onderliggende gedachte is om te laten zien dat het hele stikstofgebeuren in Nederland onhaalbaar is. Vandaag hebben we de NB-vergunning naar voren gebracht."
It kabinet wol de stikstofútstjit de kommende jierren bot werombringe. Neffens Reitsma draaie benammen boeren dêrfoar op: "De NB-vergunning geeft je het recht om stikstof uit te stoten, en het blijkt dat in Nederland heel veel bedrijven geen NB-vergunning hebben." Reitsma seit dat dêrom earder ek wol by grutte distribúsjesintra demonstrearre waard.
© ANP

Fryslân op de list

Sa'n 130 Fryske boeren woansdei hjoed yn Assen, mar Reitsma ferwachtet yn 'e takomst ek aksjes yn Fryslân. "FDF heeft heel veel WOB-verzoeken uit te staan en uit Fryslân is nog geen reactie binnen, dus dat staat nog wel op de lijst."