Heit Vaatstra: "Ik hold der altyd al rekken mei"

De heit fan Marianne Vaatstra hold der altyd al rekken mei, dat Peter R. de Vries wat oerkomme koe. Dat sei er in dei nei de oanslach op de sjoernalist.
Bauke Vaatstra is der bot foar wei
Bauke Vaatstra fan De Westereen en de famylje fan Karin Grijpstra út Koarnjum binne bot oandien troch de oanslach op misdiedsjoernalist Peter R. de Vries. De ferneamde crime-watcher hat nau belutsen west by de saak-Vaatstra en de saak-Grijpstra.
Vaatstra is de heit fan de yn 1999 ombrochte Marianne. Hy hat min slept neidat der it nijs tiisdeitejûn te hearren krige. "Ik skrok sa bot", seit er. "Dêr'tst noait oer prakkesearrest, mar wat úteinlik wol komme koe, dat is kaam."
De Vries hie it ek wolris mei Vaatstra hân oer it gefaar dat er rûn. "Doe sei er ek wol: 'Dêr moatte je wol rekken mei hâlde, ik kin ek ûnder fjoer komme te lizzen.' En yndied wie it no sa."
Peter R. de Vries © ANP
Yn 2000, goed in jier nei de gewelddiedige dea en ferkrêfting fan de 16-jierrige Marianne Vaatstra by Feankleaster, besocht De Vries in grutskalich DNA-ûndersyk fan 'e grûn te krijen. Dat kaam der pas yn 2012, doe't de DNA-wetjouwing oanpast waard. It ûndersyk late ta de arrestaasje fan boer Jasper S. út Aldwâld en de oplossing fan de saak.
Vaatstra neamt De Vries in 'geweldenaar yn syn dwaan en litten'. "En foaral wat er foar in oar betsjut hat. Geweldich. Sjoch mar nei de saak-Nicky Verstappen, yn ús saak en yn folle mear, de Puttense moardsaak. Ja, in 'geweldenaar'."

Karin Grijpstra

Yn Koarnjum hat De Vries de húshâlding fan Karin Grijpstra bystien, nei't sy begjin 2020 op mysterieuze wize om it libben kaam. Har partner Durk Hofman en dochters Iris en Rian bleaunen mei in soad fragen sitten. Sy binne lykas Vaatstra tige skrokken, doe't se fernamen dat de misdiedsjoernalist delsketten wie.

Lêste sprankeltsje hoop

"We wiene der bot fan fan slach", seit Iris Hofman. "Hy is ús lêste sprankeltsje hoop wat wy noch hawwe yn de saak fan ús mem. We ha in hiel soad kontakt mei him en we ha him ek in oantal kearen sjoen. Dat makket it ek dat it der noch persoanliker fan wurdt."
De Vries wie noch altyd tige wichtich foar de famylje. "Hy is foar ús dejinge dy't de finger oan de pols hâldt en ús op 'e hichte stelt fan alles. Dêrút helje wy noch ús hoop."
Iris Hofman, dochter fan Karin Grijpstra
In 21-jierrige Rotterdammer en in 35-jierrige Poal binne oanhâlden as fertochten fan de sjitpartij op Peter R. de Vries. De misdiedsjoernalist rekke swierferwûne. Neffens syn soan Royce de Vries is der noch in soad ûnwis oer de tastân fan syn heit.