Kollaazje-keunstner Marleen Stoelwinder populêr yn paviljoen Obe

Paviljoen Obe yn Ljouwert jout de hiele simmer in poadium oan in oantal jonge makkers mei de eksposysje Etalage. Ien fan har is Marleen Stoelwinder. Al har wurk is hast al ferkocht, wylst de tentoanstelling de hiele simmer noch stean moat.
Marleen Stoelwinder populêr yn Obe
Stoelwinder hat al eksposysjes hân yn Amsterdam, Lúksemboarch en Madrid, mar noch net earder yn har wenplak Ljouwert. Dat fielt spesjaal foar har en it giet as in spear. Se fynt it leuk om mei har wurk minsken oan it laitsjen te meitsjen én te sjokkearjen.
Oare makkers dy't wurk tentoanstelle, binne Nick Veenstra en Marc Henri Queré. Veenstra mei foto's fan de Waadkust en Queré mei âlde foto's fan Ljouwert dy't hy op 'e nij op de foto set op itselde plak, mar dan no.
© Marleen Stoelwinder
It is net allinnich in eksposysje, mar Obe is foar de keunstners ek in makkersplak. Sa wurdt by natuerfoto's bypassende muzyk makke en is Queré op syk nei de ferhalen by âlde foto's.
Stoelwinder jout dizze simmer yn Obe workshops kollaazjes meitsjen en se sil nij wurk meitsje mei âlde foto's dy't se út de argiven fan it HCL helle hat.