Provinsje en Wetterskip Fryslân sykje yntinsive gearwurking mei-inoar

07 jul 2021 - 07:59

De provinsje en Wetterskip Fryslân sille yntinsiver gearwurkje. Dykgraaf Luzette Kroon en kommissaris fan de Kening Arno Brok hawwe dit foarnimmen tiisdei yn in mienskiplike brief bekend makke.

Foto: Omrop Fryslân

Dykgraaf Kroon tinkt dat wetterskip en provinsje effisjinter wurkje kinne troch de bûtentsjinsten mear oparbeidzje te litten. Ek wol se graach gearwurkje mei de provinsje op it mêd fan de wettertransysje.

De Fryske doarpen en stêden, mar ek it plattelân, sille mear romte meitsje moatte foar wetter, sadat it wetter goed fuortkomme kin by ekstreme reinbuien. Yn perioaden fan drûchte is der dan mear 'eigen' wetter beskikber foar bygelyks de boeren.

It sil in soad boargers woarst wêze oft it wetterskip in probleem oanpakt of dat de provinsje it docht. As it mar oanpakt wurdt.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

De provinsje en it wetterskip wurkje al gear by de oanpak fan it feangreidegebiet. "Dêrmei rinne we foarop", seit kommissaris Brok. Hy fynt de gearwurking ek logysk. "Ik fyn dat we der nei stribje moatte om as ien oerheid te funksjonearjen. It sil in soad boargers woarst wêze oft it wetterskip in probleem oanpakt of dat de provinsje it docht. As it mar oanpakt wurdt."

Kroon sjocht ek mooglikheden foar gearwurking tusken de bûtentsjinsten fan provinsje en wetterskip. "Ik heb wel eens gehoord dat auto's van provincie, Wetterskip en gemeente achter elkaar aanreden voor het aanpakken van een probleem. Dat is natuurlijk niet efficiënt."

Besparring

De dykgraaf kin har goed foarstelle dat de muskusrottefangers fan it wetterskip de provinsje helpe by it bestriden fan eksoaten, wat yn prinsipe wer in provinsjale taak is. Ien en oar kin op termyn foar beide oerheden in besparring opsmite. "Mijn algemeen bestuur heeft mij gevraagd om daar goed naar te kijken", seit Kroon.

Provinsje en Wetterskip hawwe in advysburo útsykje litten hoe't de gearwurking optimalisearre wurde kin. De oerheden wolle de trettjin oanbefellingen fan it advysburo allegearre opfolgje, mar net allegearre tagelyk.

Mienskiplike fyzje

De fierdere gearwurking begjint mei it opstellen en útwurkjen fan in mienskiplike ambysje ûnder de namme 'Fryslân, Wetterlân' en in mienskiplike fyzje foar in duorsume takomst fan it Fryske oerflaktewetter. "Het is goed mogelijk dat daar in de toekomst meer ruimte voor nodig is", seit dykgraaf Kroon.

It algemien bestjoer fan it Wetterskip en Provinsjale Steaten binne tiisdei fuortendaliks ynformearre oer de fierdere gearwurkingsplannen.

Dykgraaf Luzette Kroon en kommissaris Arno Brok

(Advertinsje)
(Advertinsje)