Kâns op oanfarringen hieltyd grutter: "It is in púnheap yn it wykein"

07 jul 2021 - 14:28

Op it Prinses Margrietkanaal is it risiko op oanfarringen omheech gien, trochdat de skippen dy't dêr farre hieltyd grutter wurde. Dat seit minister Cora van Nieuwenhuizen, neidat der út de Twadde Keamer wei fragen kamen oer de feilichheid fan de farrûte.

Dit skip rekke skansearre by in oanfarring op it Prinses Margrietkanaal - Foto: SRFotografie

Tusken De Lemmer en Delfsyl binne relatyf mear oanfarringen as op oare farwegen, seit de minister. Yn de ôfrûne fiif jier gie it 23 kear mis.

De Fonejachtbrêge by Garyp waard yn maaie ramd troch in binnenfeartskip. De Prinses Margrietslûs krige foarich jier sels twa kear in klap fan in skip. Yn Grinslân rekken de brêge fan Aduard, de Gerrit Krolbrêge en de Paddepoelsterbrêge skansearre.

In tekoart oan personiel soe ek bydrage oan de ûngelokken. "Er is in Nederland te weinig personeel beschikbaar", seit Willem Wouters fan Rykswettersteat, "dus er komen buitenlandse matrozen en stuurlieden aan boord. Die komen hier ook voor het eerst."

Skipper begrypt der neat fan

Yn in lúkse grize draaistoel sit binnenfeartskipper Pieter Brouwer yn de stjoerhutte fan syn Twirring. As in kening op syn troan. De punt fan syn blauwe pet wiist nei it kalme wetter fan it Prinses Margrietkanaal.

It 85 meter lange skip, fol mei turf, glidet op de automatyske piloat stadich oer it rêstige wetter.

Sa giet it oan board fan in skip

Op in kleureskerm rjochts fan Brouwer is in boppe-oansicht fan it kanaal te sjen. Ynformaasje oer passearjende skippen, mar ek oer de brêgen en slûzen ferskynt yn byld. Brouwer wiist nei in skip op de kaart. "Ik kin sels sjen hoe hurd oft er fart: 11,5 kilometer."

Syn frou Aukje set efkes kofje yn it rom, mar ek sy sit geregeld op de troan fan De Twirring. "We binne in goed team. As it derop oankomt mei Aukje stjoere", laket Brouwer.

Hûnderten kearen fearen se de rûte tegearre. Brouwer begrypt neat fan alle ûngelokken: "Ik wit net wat it is. It hat miskien mei kommunikaasje te meitsjen, of miskien dochs mei de bekendheid fan it farwetter."

'Hy komt der fierstente gau tusken'

En dan komt der in skip foarby dat krekt wat hurder fart. "Hy komt der fierstente gau tusken", seit Brouwer. "It hat gjin sin om sa hurd te jeien. Ik moat no gigantysk stjoere."

Wylst Omrop Fryslân oan board is, soarget in oar skip foar in alarmsitewaasje

Brouwer stjoert it skip behindich troch de brêgen. Hy hat it al ûntelbere kearen dien. Mar hy makket him wol soargen. Benammen by lytse boatsjes is it gefaarlik as it misgiet. As der ien oerfearn wurd, kinne der slachtoffers falle.

"It komt wolris foar dat der in boatsje oerfearn wurdt", seit Brouwer. "Dat sil fan 't simmer grif wer barre. It is in púnheap soms, yn it wykein."

(Advertinsje)
(Advertinsje)