Provinsje wol deimen deasjitte by Ketlik: "Situaasje libbensgefaarlik"

De provinsje fynt dat it tal deimen (damherten) yn de omkriten fan Ketlik en Oranjewâld werombrocht wurde moat fan mear as 300 nei op syn meast 90. Neffens deputearre Klaas Fokkinga ha de bisten al tsientallen ferkearsûngelokken feroarsake.
Provinsje jout Faunabehear opdracht om deimen by Ketlik ôf te sjitten
It tal deimen is de lêste jierren bot oprûn. Se stekke geregeld yn grutte keppels de dyk oer. Autobestjoerders ferwachtsje dat net, en dat soarget foar gefaarlike situaasjes.
Boppedat klage bewenners fan de doarpen Nijhoarne, Mildaam en Ketlik oer herten dy't de tún kealfrette.
It slagge de Faunabehearienheid net om sels in plan te meitsjen dat troch alle partijen droegen wurdt. Dêrom jout de provinsje no in opdracht om de keppel deimen lytser te meitsjen.

Net samar

"Wy dogge dit fansels net samar", seit deputearre Fokkinga. "In soad minsken fine it moai dat de deimen der binne. It is dêrom seker net de bedoeling om fan de bisten ôf te kommen. Wy sette yn op in lytsere keppel, sadat der minder ûnfeilige situaasjes ûntsteane."
De opdracht fan de provinsje om deimen ôf te sjitten wurdt net fuortendaliks útfierd. Fokkinga hâldt der rekken mei dat der beswieren yntsjinne wurde.
Deputearre Klaas Fokkinga
© ANP
Pleatslik Belang Ald- en Nijhoarne is bliid dat de situaasje oanpakt wurdt, seit foarsitter Bonne Schokker. "It klinkt natuerlik raar. Ik wurd hjir al neamd: 'dat is dy pake dy't de harten hjir deasjitte wol.' No, sa is it natuerlik net. It is libbensgefaarlik hjirre op de Skoatterlânskedyk en dat is in grut probleem."
Neffens Schokker moat it tal deimen alle jierren yn de gaten hâlde wurde. Mei it each op de ferkearsfeilichheid kin der dan yngrepen wurde. "Ik ha sels in pear wiken lyn wer hân dat je in deim foar de auto krije kinne en dat der in tweintich, tritich yn it lân stean om ek oer te stekken."
De bistjes komme ek yn de doarpen, op syk nei fretten. "Dit moatte we net ha. Dat is net sûn. En it is gefaarlik", konkludearret Schokker.
Bonne Schokker, foarsitter fan Pleatslik Belang Ald- en Nijhoarne