Operaasje Fryske Flagge: Grytsje Couperus wennet yn Brazilië

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Grytsje Couperus yn Brazilië.
© Omrop Fryslân
Grytsje Couperus komt fan Feanwâlden en ferhuze foar de leafde nei Brazilië. Se hat nei har stúdzje teology yn Grins de tsjerklike oplieding dien yn Amsterdam. Se hat dêrnei keazen foar de ynternasjonale en oekumenyske rjochting. Dit wie yn Switserlân by de Wereldraad van Kerken yn Genève. Dêr hat se har man moete.
Nei dy tiid moasten se beide wer werom nei harren eigen lân. Grytsje nei Nederlân en har takomstige man nei Brazilië. Se hat it kontakt goed waarm holden troch brieven te skriuwen en mekoar dêrnei ek noch meardere kearen te sjen. Trije jier nei harren earste moetsjen binne se troud. Grytsje is ferhuze nei Brazilië en dêr wenje se noch, yntusken hawwe se trije jonges. De twilling is 22 jier en de oare soan is 17 jier.

Op en del reizgje dreech

De famylje fûn it wol wat lestich dat Grytsje dêrhinne ferhuze. It hinne en wer reizgjen is noch al djoer, dus faak kinne se net op en del. Se is yn de 25 jier dat se der wennet in kear as seis nei Fryslân reizge. De famylje hat ek wol by harren west.
Se mist Fryslân wol. Benammen har famylje en freonen, mar ek it reedriden. Se mist ek de jûnen dat it lang ljocht is, want it is yn Brazilië jûns gau tsjuster.

Wurk foar it tsjerke

Grytsje en har man wurkje beide yn en foar tsjerke as dûmny. Se preekje, trouwe minsken, dogge begraffenistsjinsten, jouwe bibelstúdzjes en besykje de siken yn it sikehûs en oan hûs. Wat wol wenne moast is dat de begraffenissen dêr binnen 24 oeren plakfine moatte.
Utsein de gewoane tsjerkeaktiviteiten, biedt har tsjerke ek help wêr't mar nedich. Se leare minsken lêzen en skriuwe en hânwurk om in berop út te oefenjen, sadat de minsken ek better foar harren sels soargje kinne en jild fertsjinje kinne.

In Spanjert Frysk leare

Grytsje jout ek Fryske les oan in man dy't sels Spaansk is. Hy hat ynteresse yn minderheidstalen en leart dus Frysk fan Grytsje, en sy leart wer Spaansk fan him. Se jout ek Dútsk, Ingelsk en Nederlânsk. En se hat om't se yn Brazilië wennet en wurket Portugeesk leard. "Portugeesk is in lestige taal", seit Couperus. "Yn 't Nederlânsk meitsje wy net it ferskil oft it wurd manlik of froulik is. Yn it Portugeesk wol en somtiden brûk ik dat net hielendal goed. Doe't ús twilling Johan en Stefan berne waarden krigen wy dan ek jurken foar de bern."
Foarearst komt de Feanwâldster net werom nei Fryslân, de jonges binne dêr opgroeid en se hat it nei it sin yn Brazilië.
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.