Aksjegroep: Welcome to The Village definityf fan tafel nei útspraak rjochter

06 jul 2021 - 16:25

De rjochter hat in streek set troch de fergunning fan it festival Welcome to The Village yn it Griene Stjergebiet yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It giet om in 'voorlopige' útspraak. Salang't der noch gjin definityf fonnis is, is de festivalfergunning net jildich.

De aksjegroep dy't de saak oanspande, seit dat it noch wol twa jier duorje kin foardat der in definityf fonnis leit. De kâns dat it festival noch trochgean kin, liket nihil.

De organisaasje fan it festival moat de útspraak noch bestudearje, en wit op dit stuit noch net wat de gefolgen presys binne. "We zijn geschokt en geschrokken door de uitspraak van de rechter", lit de organisaasje witte. "We zijn ons aan het beraden over de gevolgen en vervolgstappen."

Freed oer in wike soe it festival begjinne. Dat giet no net mear troch, seit de aksjegroep Groene Ster Duurzaam, dy't de saak oanspand hie. "Dat durf ik wel met zekerheid te zeggen", seit Theo van Gelder fan de aksjegroep. Hy tinkt dat de kâns grut is dat it doek definityf fallen is foar de festivals yn it Griene Stjergebiet.

Groene Ster Duurzaam besiket de festivals dêr al langer tsjin te hâlden. Se soene soargje foar skea oan de natoer, omdat se holden wurde yn it briedseizoen. Omwenners sizze ek dat se lêst ha fan it lûd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)