RIVM: 27 coronabesmettingen yn Fryslân

06 jul 2021 - 16:11

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 27 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Moandei gie it om 24 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Dizze wike binne yn Fryslân 128 besmettingen fêststeld, foarige wike wiene dat der noch 62. Yn sân fan de achttjin gemeenten binne tiisdei gjin nije besmettingen meld.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

Lanlik

Lanlik binne 2253 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike lanlik 1220 besmettingen deis registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)