Pieter Huistra: "Bûnscoach? Se kinne my altiten belje!"

06 jul 2021 - 15:45

Pieter Huistra is wat bûten byld rekke. De lêste fjouwer jier fiert hy suksessen yn Oezbekistan, mar hy tinkt oan in weromkear op de Nederlânske fuotbalfjilden. Hy slút sels de rol fan bûnscoach net út, dat fertelt er yn de SportCast. "Moatst altiten grut tinke en leauwe yn dyn eigen kwaliteiten. Se kinne my altiten belje!"

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Ynternasjonale karriêre

Pieter Huistra is berne yn Goaiïngea. Hy hat sawol as spiler en as trainer in ynternasjonale karriêre. Huistra spile yn ús lân ûnder oaren by FC Groningen en FC Twente. Bûtenlânske aventoeren brochten him by Glasgow Rangers, Sanfrecce Hiroshima en Lierse SK. Huistra spile acht ynterlannen. Op dit stuit is hy trainer yn Tasjkent, Oezbekistan, by de klup Pachtakor.

"Pachtakor is tradisjoneel sjoen de topklup fan Oezbekistan. Wy hearre by de top fan Azië, ferline jier sieten wy by de lêste acht fan de Asian Champions League, dan hawwe je in aardich nivo."

Der komt altiten wol wer ris in plakje frij en dan is it belangryk dat se tinke: hy is der ek noch.

Pieter Huistra

Sûnt 2015 is Huistra fuort út Nederlân, mar dochs begjint de earedifyzje wer te kribeljen.

"Ik besykje der wer wat tusken te kommen, moatst dysels dochs ferkeapje. Der komt altiten wol wer in plakje frij en dan is it belangryk dat se tinke: hy is der ek noch. It soe moai wêze as ik by in ambisjeuze klup telâne kom."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

Trefwurden: 
SportCast Pieter Huistra
(Advertinsje)
(Advertinsje)