Iraniër krijt 12 jier sel foar stekpartij stasjon Ljouwert

06 jul 2021 - 13:58

Rezgar P., de 39-jierrige Iraniër dy't ferline jier op it stasjon fan Ljouwert in lângenoat delstuts is feroardiele ta 12-jier sel. Sadegh Zarza, it slachtoffer fan 65, waard midden op de dei 22 kear stutsen. Hy oerlibbe de stekpartij mar krekt.

Foto: AS Media

De rjochter giet út fan 'poging tot moord'. Rezgar P. sei by syn oanhâlding dat hy besocht de man "zo vaak als mogelijk" te stekken.

Neffens it slachtoffer hannele P. yn opdracht fan it Iraanske regear. De Ljouwerter fan 65 jier wennet sûnt 1985 yn Nederlân en wie eartiids foarsitter fan de Koerdische Democratische Partij Iran (KPDI). Dy partij is ferbean yn Iran. It Iepenbier Ministearje koe lykwols net bewizen fine dat it om in politike oanslach gong.

Pieter Baan Centrum

De advokaten fan de dieder besochten om de man 'ontoerekeningsvatbaar' te ferklearjen. It Pieter Baan Centrum koe lykwols net sizze oft dat sa wie. "De rechtbank is van oordeel dat het dossier voldoende sterke aanwijzingen bevat dat verdachte ook ten tijde van het strafbare feit handelde onder invloed van een stoornis", seit de rjochtbank.

"Zij acht het scenario dat verdachte heeft gehandeld onder invloed van een stoornis waarschijnlijker dan dat hier in het geheel geen sprake van was. De rechtbank heeft er dan ook bij de strafoplegging rekening mee gehouden dat het feit in verminderde mate aan verdachte kan worden toegerekend."

Sadegh Zarza waard om it middeisoere hinne op 19 juny delstutsen op it stasjon fan Ljouwert. Hy hie in ôfspraak mei Rezgar P. De heit fan P. en Zarza wiene eartiids klasgenoaten yn Iran. Mei in grut mes stuts P. meardere kearen op Zarza yn. It slachtoffer rekke ferwûne oan syn holle, boarst en earm.

(Advertinsje)
(Advertinsje)