Opsterlân wol mear ynfloed op 'Deltaplan foar it Noarden'

De ried fan Opsterlân wol mear ynfloed en iepenbier debat oer it 'Deltaplan foar it Noarden'. It plan omfettet ûnder oare de oanlis fan in flugge spoarline fan Lelystêd nei Grins en it bouwen fan 220.000 ekstra huzen.
It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 © Omrop Fryslân
It 'Deltaplan foar it Noarden' hat grutte gefolgen foar de gemeenten, dêrom wol de gemeenteried folle mear meiprate as oant no ta. Benammen de oanlis fan de Lelyline sil effekt hawwe op de gemeente, om't it trasee dwers troch de gemeente Opsterlân rint. As it plan trochset wurdt, sil yn de gemeente ek in diel fan de 220.000 huzen boud wurde moatte.
Yn de troch in romme mearderheid oannommen moasje fan FNP, GrienLinks/Opsterlanders, D66 en BAS stiet dat it kolleezje fan B. en W. ferfolchstappen no earst mei de ried beprate moat, foardat fierder ûnderhannele wurdt mei de provinsje en Ryk.
Opfallend wie de stipe fan kolleezjepartij Opsterlands Belang, Willemijn Bruining fan de partij leit út wêrom't se dochs foar de moasje stimd hawwe: "Wy sjogge gewoan dat it hiel wichtich is. Wy wolle yn dit wichtige proses wat nauwer belutsen wurde." Neffens Bruining is it winsklik dat de ried op tiid op 'e hichte brocht wurdt fan nije ynformaasje. "Wy soenen it ferfelend fine as der nije ynformaasje fan de provinsje út yn de kranten komme soe, dat we it dan dêr lêze moatte."

Deltaplan nij ûnderwerp yn de ried

Oer it plan waard oant no ta yn de ried hast net praat. "It Deltaplan is wol bekend by ús, mar dat is dan mear fan ynformaasje dy't wy sa no en dan krije. It hat nea echt in ûnderwerp west", seit Bruining.
Tenei sil it ûnderwerp faker nei foaren komme yn de ried. Polityk ferslachjouwer Onno Falkena ferwachtet dat it ûnderwerp no ek troch oare gemeenterieden oppakt wurde sil. "Ik wit dat yn sa'n selde moasje tongersdei ek yntsjinne wurdt yn de rieden fan Hearrenfean en Achtkarspelen."
Willemijn Bruining fan Opsterlands Belang