Ljouwerter Potmargegebiet moat stedstún wurde; oprop foar ideeën

06 jul 2021 - 13:01

It gebiet by it Ljouwerter wetter de Potmarge moat in libbene stedstún wurde. De gemeente siket dêr ideeën foar. Wat wolle de Ljouwerters dêr dwaan en sjen?

Foto: Omrop Fryslân

De Potmarge is in griene en wetterrike 'tún' yn it hert fan Ljouwert, tichtby it sintrum. Earder wienen der 'lusthoven' en letter wie it sels in boarne fan iten foar de stêd. It wetter wie in belangrike hannelsrûte.

Om der in stedstún fan te meitsjen mei aktiviteiten en foarsjenningen foar bewenners freget de gemeente om suggestjes fan alle brûkers fan it gebiet.

Winsken binne der al

"We willen het gebied rondom de monumentale rivier versterken", seit Hans Faber, projektlieder. "Het is een mooi gebied en dat moeten we koesteren. We hebben al ideeën van partijen die in het gebied zitten zoals Wetsus, Van Hall en Nordwin, maar ook van bewoners en een zorggroep die er wonen. Eén wens is bijvoorbeeld om langzaam verkeer te scheiden, voetgangers willen graag een eigen pad. En er is de wens om een verbinding met de binnenstad te maken via de Oostergoweg en om de lage bruggen om op te hogen zodat sloepen er onderdoor kunnen."

Mei de ideeën wol de gemeente ta in programma komme mei de ynset om dat ek út te fieren.

Hans Faber

It gebiet is al in skoft yn ûntwikkeling. Der binne natuerfreonlike wâlskanten oanlein, der is in wetterboartersplak, in stedsstrân en der binne plukrûtes. Op it plak fan it eardere kassekompleks komme wenningen.

Ideeën kinne trochjûn wurde op de webside.

Trefwurden: 
Ljouwert Potmarge stedstún
(Advertinsje)
(Advertinsje)