Fryske CDA stipet lanlike lânboufyzje; minder fee kin opsje wêze

Boeren kinne sa langer net trochgean, seit provinsjaal lânbouwurdfierder Maaike Prins fan it CDA. Sy stipet de nije lanlike lânboufyzje fan har partij. Dy fyzje leit gefoelich, krekt as it hiele lânboudossier troch de problemen mei de stikstofútstjit.
Fryske CDA stipet lanlike lânboufyzje; minder fee kin opsje wêze
Lanlik seit de partij, mei sterke lânbouwoartels, no ek dat je net oan krimp fan de feesteapel ûntkomme kinne, mar neffens Prins "moatte je doel en middel net troch elkoar helje".
Sy tinkt dat it yn Fryslân noch wolris wat tafalle kin. Prins: "Yn de fyzje stiet net dat de feesteapel krimpe moat, mar wol dat we takomstperspektyf sketse moatte, fan wêr gean we hinne. Dat is belangryk. It positive is dat we no sjogge nei de lange termyn."
Kij by Baaium © Omrop Fryslân, Aise van Beets

Minder fee kin in kar wêze

It ynkrimpen fan de feesteapel kin in kar wêze. "Der stiet yn dat we der net oan ûntkomme om keuzes te meitsjen. It soe bêst kinne dat der minder bisten komme om it lange termynperspektyf te berikken. Mar dat is net it foaropsette doel, mar in middel om nei de grutte fan de feesteapel te sjen. We moatte dúdlikheid skeppe."
Neffens Prins hie dat miskien earder moatten, mar de lêste jierren folge it iene fraachstik op it oare. "We wiene earder spesifike problemen oan it oplossen, mar moatte no fierder sjen, nei it komplete plaatsje. We moatte in doel stelle, sa fan dêr wolle we hinne. En boeren moatte de tiid krije om dat te berikken, op in manier dy't by har past."
Maaike Prins