Tjalling Koopmans College komt ûnder stranger tafersjoch

06 jul 2021 - 11:09

It Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp komt ûnder stranger finansjeel tafersjoch. Dat meldt ûnderwiisminister Arie Slob tiisdei oan de Twadde Keamer.

It Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp - Foto: Omrop Fryslân, Theo Ligthart

De ûnderwiisynspeksje set de skoallen dy't ûnderdiel binne fan de SvPO foarearst ûnder stranger finansjeel tafersjoch. Dat beslút is nei oanlieding fan de útkomsten fan de ynspeksjerapporten naam. De Stichting voor Persoonlijk Onderwijs ferlear moandei in rjochtsaak, wêrmei't se it iepenbier meitsjen fan dy rapporten foarkomme woe. It Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp is ûnderdiel fan dizze skoalkoepel.

Trije skoallen 'zeer zwak'

Yn Nederlân falle acht skoallen ûnder de SvPO, trije dêrfan hawwe fan de ynspeksje it oardiel 'zeer zwak' krigen. Op de acht skoallen, wêrûnder de skoalle yn Hurdegaryp, hat de ynspeksje noed oer de kwaliteit fan bestjoer. Benammen de organisaasje en ûnôfhinklikens fan de bestjoeren binne net yn oarder. "Hoewel de scholen worden bestuurd door acht verschillende besturen, bestaan al deze besturen uit dezelfde persoon", merkt ûnderwiisminister Arie Slob op.

De skoalkoepel wurdt no ûnder stranger finansjeel tafersjoch set, om't de ynspeksje by alle bestjoeren finansjele risiko's fêststeld hat. De stichting fjochtet de ynhâld fan de ynspeksjerapporten yn augustus oan by de rjochter. Neffens de stichting soene learlingen folle better prestearje as op oare skoallen, mar dêr soe de ûnderwiisynspeksje gjin rekken mei holden hawwe. Boppedat soe de ynspeksje stranger wêze, om't de SvPO in relatyf nije ynstelling is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)