Rjochter leit saak tsjin leden motorklup stil 'om veiligheidsoverwegingen'

06 jul 2021 - 15:46

It heger berop dat yn Ljouwert spile yn in ôfparsingssaak by motorklup No Surrender is stillein. Neffens in wurdfierder fan it hôf is dat dien fanwege 'feilichheidsoverwegingen'.

Rjochter leit saak tsjin leden motorklup stil 'om veiligheidsoverwegingen'

Wat der krekt oan de hân is, is net bekend. By it gerjochtshôf op it Saailân yn Ljouwert stiene tiisdei al swier bewapene aginten.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De slachtoffers yn de saak wiene leden fan motorklup No Surrender. Sy diene oanjefte fan mishanneling en ôfparsing. Dat barde ûnder de namme fan 'Bad Standing': in foarm fan ôfstraffing binnen de klup.

Yn de eardere útspraak krigen fjouwer manlju straffen oant seis jier. In frou út Eelde waard feroardiele ta fjouwer jier. Sy wiene it net mei de útspraak iens en easken heger berop.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)