Maebh Howell bestudearret Aldfrysk: "Troch âlde talen learst wat oer minsken en kultueren"

Hast 50 ynternasjonale studinten dogge dizze wike mei oan de online Old Frisian Summer School fan de Rijksuniversiteit Groningen en de Oxford University yn Ingelân. De 20-jierrige studinte Maebh Howell folget de simmerskoalle.
Maebh Howell © Maebh Howell
Yn de simmerskoalle leare de studinten oer it Frysk út de midsiuwen, oer de manuskripten en teksten dêr't Aldfrysk yn brûkt wurdt, mar ek oer oare besibbe talen út it Noardseegebiet. De studinten komme net allinich út Europa, mar ek út Amearika, Ruslân en Hongkong.
Maebh Howelll studearret Ingelske literatuer oan de Oxford University yn Ingelân. Se leit út wêrom't sy mear oer it Aldfrysk te witten komme wol.

"Ik bin bot ynteressearre yn âlde talen en âlde kultueren. Aldfrysk liket hiel bot op Aldingelsk. Dat makket it ynteressant om it mei elkoar te fergelykjen. Se komme út deselde taalfamylje. Der binne in soad basiswurden dy't op mekoar lykje. Guon âlde manuskripten lykje ek aardich op mekoar. Troch it bestudearjen fan âlde talen learst wat oer minsken en kultueren. Ik wol mear oer de basis fan it Aldfrysk witte en oer de literatuer en skiednis."

Ynfloed fan kontakten mei oare talen

De âlde talen binne wichtich as je de ûntwikkeling fan moderne talen sjogge. "It is boeiend om te sjen hoe't taal him yn it ferline, mar ek no ûntwikkelet, en hoe't minsken dy taal brûkten. Mar ek wat de ynfloed fan kontakten mei oare talen wie."

Se fynt it spitich dat alles online is en net yn Grins, mar it is fanwege covid ek nedich. "Mar op dizze moetsje ik ek studinten út Nederlân en oare lannen. It wurdt hoe dan ek in boeiende wike", seit Maebh Howell.
Studinte Maebh Howell oer de Old Frisian Summer School
© Old Frisian Summer School
Yn it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn besteegje wy dizze hiele wike omtinken oan dizze Old Frisian Summer School. Woansdei prate we mei Johanneke Sytsema, professor Taalkunde oan de Oxford University.