Rûnfeartboaten hoege poep fan passazjiers net langer oerboard te pompen

06 jul 2021 - 07:19

Rûnfeartboaten yn Fryslân hoege it ôffalwetter net langer oerboard te pompen. De skippen kinne dêr no foar telâne op tsien spesjale stoartpunten. Fryslân is de earste provinsje fan Nederlân dy't dit mooglik makket.

De primeur wie foar Earnewâld

Foar lytsere boatsjes wiene sokke stoartpunten der al, mar neffens bestjoerder Otto van der Galiën fan it Wetterskip binne der op dit stuit noch net genôch boatsjeminsken dy't dêr gebrûk fan meitsje.

Under oare yn de Snitswike binne der in protte poepbaktearjen yn it wetter fûn, seit Van der Galiën. "Dêr swimme we yn. Dat is net fris."

Dat it smoarge wetter út de húskes en de goatstien oerboard giet, is neffens foarsitter Jan Koopmans fan de Friese Rondvaart Ondernemers hieltyd lestiger út te lizzen oan de gasten. "Wy fine dat we it eins net meitsje kinne."

Jan Koopmans (foarsitter FRO) by in sammelpunt foar ôffalwetter fan rûnfeartboaten - Foto: Omrop Fryslân

Neffens Van der Galiën komt der in ferbod, "mar dat duorret noch wol even." Undernimmers besykje it smoarge wetter wilens sa goed mooglik fuort te krijen, "mar dat moat dan wol kinne", seit Koopmans.

De stoartpunten dy't der no by kaam binne, binne spesjaal bedoeld foar de rûnfeartsektor. De brune float kin der ek gebrûk fan meitsje. De grutte boaten kinne oanlizze neist in blauwe kast mei in slang deroan, dêr't it smoarge wetter mei it rioel yn pompt wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)