Ljouwerter gemeenteried posityf oer liening foar nij Cambuurstadion

06 jul 2021 - 07:08

De gemeenteried fan Ljouwert is posityf oer in liening fan 14 miljoen euro foar de bou fan in nij Cambuurstadion. Dat die moandeitejûn bliken yn de kommisjegearkomste. Alle partijen kinne har fine yn de liening, al wiene der wol de nedige krityske opmerkingen.

Sa moat it nije stadion derút sjen - Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

De 14 miljoen is nedich om de bou wer flot te lûken. Earder soe Wyckerveste dy bou realisearje, mar neidat dy him weromluts is no bougroep Van Wijnen oan set. Harry Bevers fan de VVD kin him wol fine yn de liening. Syn partij wie fjouwer jier lyn tsjin in subsydzje foar de bou.

"Vier jaar geleden zeiden we dat er zonder subsidie met ons te praten viel en nu moeten we woord houden. De gemeente en Van Wijnen, een grote betrouwbare partij, maken afspraken en komen een lening met elkaar overeen. Cambuur moet ook leveren, maar vooral aan Van Wijnen. Dat betekent dat de risico's voor de gemeente te overzien zijn."

Harry Bevers

Ek Grien Links sjocht genôch wissichheden om akkoart te gean mei de liening. Riedslid Evert Stellingwerf: "Het is goed geregeld doordat er een afspraak is gemaakt over de televisiegelden. Dat is een zekere geldstroom en dat geld is bestemd om de huur te betalen."

Syn partij kin libje mei it foarstel om't it neffens him yn balâns is. "Er is een constructie gemaakt waarbij er ook een marktpartij tussen zit, dat is de eerste partij die aansprakelijk is en garant staat voor een deel. De gemeente heeft dus geen rechtstreekse financiële relatie met de voetbalclub."

Evert Stellingwerf

Ried moat noch stimme

Yn de riedsgearkomste fan woansdei wurdt noch offisjeel oer de liening fan 14 miljoen stimd, mar dat liket gjin probleem te wêzen, om't alle partijen oanjûn hawwe foar te wêzen. De akkountant fan de gemeente sil de saak de kommende jierren wol ekstra yn 'e gaten hâlde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)