KNRM-stasjon Hylpen begjint ynsammelaksje foar skiphûs iepen rêdingsboat

De KNRM yn Hylpen is in ynsammelaksje begûn foar in skiphûs foar de iepen rêdingsboat yn de stêd. Trochdat de iepen rubberen boat it hiele jier yn waar en wyn leit, geane rêdingsboat en apparatuer frij gau stikken. Dat is net handich, want de Hylper rêdingsboat fart yn trochsneed wol mear as hûndert kear yn 't jier út.
De twa Hylper rêdingsboaten, krekt werom fan it helpen fan in skip yn problemen by Laaksum © Omrop Fryslân
"Wy binne ien fan de drokkere KNRM-stasjons", fertelt Willem Folkerts grutsk. Neffens him 'ferrifelet de Iselmar' gauris wettersporters dy't dizze grutte mar ûnderskatte. "Yn 'e slûs kin it waar noch sa kalm lykje, as je út de beskerming fan de dyk binne, krije je altyd hege golfslach. It is mar komselden dat de Iselmar flak is."
Ek bart it wol dat wettersporters dy't minder goed bekend binne fêstreitsje op in ûndjipte. Om't der gjin kommersjele bergingsbedriuwen binne oan de Fryske Iselmarkust, wurdt ek yn dy gefallen faak in berop dien op de KNRM. Yn juny kaam de KNRM ek noch yn aksje om in keppel hynders wer werom te jeien nei de feilige kust. Se wienen by Gaast te fier de mar yn rûn.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De sammelaksje rint aardich, want yn ien wike tiid waard al mear as 7.000 euro ophelle. Foar it skiphûs is mei-inoar 75.000 euro nedich. Neffens Willem Folkerts fan de KNRM, is in skiphûs needsaak. "Troch de sinne giet it rubber flugger stikken en de apparatuer ek."
De KNRM freget stipers, wettersporters en wettersportbedriuwen om in finansjele bydrage. De rêdingsmaatskippij wiist dêrby op it feit dat de KNRM, oars as in soad minsken tinke, net subsidiearre wurdt. "Us rêdingsgebiet rint fan Starum oant Makkum, dêr besykje we it jild binnen te krijen."
Sa soe it wurde moatte © KNRM
De KNRM hopet dat it skiphûs der de kommende hjerst lizze kin. "De boat leit dan moai drûch en beskerme. Ek kin de bemanning dan makliker yn- en útstappe, dat wurket folle nofliker."