Doarpsbelang hat noed oer ferheging Ecopark De Wierde: "Wêr einiget dit?"

Doarpsbelang Nijbrêge en Haskerdiken wol earst wer mei Omrin om 'e tafel, om't de ferheging net neffens de ôfspraak wêze soe. Omrin wol Ecopark De Wierde by It Hearrenfean mei fiif meter ferheegje, it bedriuw is hjirfoar begûn mei in fergunningsproseduere.
Ecopark De Wierde wurdt, as it oan Omrin leit, fiif meter heger © Foto Omrin
In hegere ôffalbult is neffens Omrin-wurdfierder Jelmar Helmhout nedich, om't it bedriuw hieltyd mear húshâldlik ôffal binnenkrijt. Trochdat Omrin hieltyd mear gemeenten as klant krijt, sil de stream ôffal nei ferwachting groeie fan 230.000 oant 280.000 ton.
It ôffalferwurkingsbedriuw stribbet der dêrby nei om safolle mooglik ôffalstoffen op 'e nij te brûken, mar foar guon restprodukten hat Omrin gjin oare mooglikheid as opslach, seit wurdfierder Jelmar Helmhout. "We zullen het terrein herindelen. Omdat het terrein niet groter wordt, gaan we vijf meter de hoogte in. We hebben nu een vergunning voor 24 meter, dat wordt straks 29 meter."

Net folle lêst ferwachte

Helmhout neamt it ferskil tusken 24 en 29 meter 'relatyf' en tinkt net dat omwenners der in soad lêst fan hawwe sille. Ek natuer en miljeu sille neffens Omrin gjin neidielige gefolgen ûnderfine fan de útwreiding.
De ôffalferwurker hopet om de útwreiding takommend jier te realisearjen. De fergunningsproseduere sil neffens ferwachting in heal jier yn beslach nimme. As earste stap hat Omrin in saneamde 'oanmeldnotysje' skreaun.
De formele fergunningsoanfraach is de folgjende stap. Dan kinne omwenners ek in sjenswize yntsjinje of beswier meitsje. Helmhout hopet dat it net safier komt. "We hebben de afgelopen jaren veel geïnvesteerd in omgevingsmanagement, maar we wachten het rustig af."

Net de ôfspraak

De gearwurking tusken de doarpen en Omrin is goed, befêstiget foarsitter Berend Mulder fan doarpsbelang Nijbrêge en Haskerdiken. "Mar der binne doe't dy bult der kaam ôfspraken makke. Ien fan dy ôfspraken is dat de bult maksimaal 23 meter wurde mei."
It giet úteinlik om it prinsipe, want wêr einiget dit?
Berend Mulder fan doarpsbelang Nijbrêge en Haskerdiken
It doarpsbelang hat noed oer de takomstige plannen. "Dizze plannen binne wol op tafel lein, en je witte sels; 24 meter of 29 meter, dat sil it ferskil net wêze." Neffens Mulder giet it benammen om it ferfolch: "It giet úteinlik wol om it prinsipe, want wêr einiget dit? It is no fiif meter, mar moat der oer tsien jier dan wer fiif meter by, of oer fiif jier al?"
As it oan Mulder leit, komt de ferheging der fuort noch net: "Ofspraken binne makke, en dy binne doe net foar neat makke. Dêr hawwe minsken foar striden. By Omrin sitte nije minsken oan tafel, by ús sitte nije minsken oan tafel, mar doe binne der ôfspraken makke en dêr hâlde wy ús graach oan."
Berend Mulder fan doarpsbelang Nijbrêge en Haskerdiken oer ferheging De Wierde