Aldegea (Sm.) krijt nij mar fan 50 hektare: "Wy wolle wol wat mear reuring yn it doarp"

In gruttere haven, oanlisplakken foar ferskate wen- en rekreaasje-arken, in nij appartemintegebou en in folslein nij mar by it doarp: it ambisjeuze plan Aldegea oan it wetter moat de rekreaasjemooglikheden yn it doarp flink ferheegje. En dêrom binne moandei ferskate hantekens set.
Sjoch nei de reportaazje
"Als je hier over vijf jaar terugkomt, zie je een mooi gebied waar zowel recreatie- als woonboten een plek hebben. Er komt een eiland met een strandje en hopelijk een mooie horecagelegenheid aan de overkant van het water." Steand yn de haven fan Aldegea sjocht projektlieder Klaas Hommes it hielendal foar him. En dan moat hy noch begjinne oer de grutste feroaring.
"Als je vanuit de haven iets verder gaat met de boot, richting de vaarweg naar Drachten, daar kom je over een paar jaar een groot meer tegen van vijftig hectare waar gerecreëerd kan worden."

Wenromte foar jongerein

In folslein nij mar by Aldegea, dêr binne se ek by doarpsbelang bliid mei. "It is begûn mei it feit dat jonge minsken hjir graach wenje wolle. De fraach nei nije huzen is grut yn it doarp", seit Meindert de Boer fan doarpsbelang Aldegea.
Mar hoe geane je fan in fraach om romte foar wenningen nei in gruttere haven en in nij mar? "De winsk wie der al langer fanút de polityk. Wy wolle ek wol wat mear reuring yn it doarp, en dat slagget allinnich wannear't je toeristen nei it doarp helje kinne. En op dy wize lizze der ek kânsen foar it doarp, foar de ynwenners fan it doarp en foar de jongerein dy't hjir graach wenjen bliuwe wol."

20 miljoen euro

Mei de hantekens fan de gemeente Smellingerlân, de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân dy't moandeitemiddei set binne, is no offisjeel grien ljocht foar de plannen. It projekt is ûnderdiel fan de saneamde oanpak Oostelijke Poort Friese Meren (OPFM). It doel dêrfan is om Drachten oan te sluten op de Fryske marren.
It plan kostet sa'n 20 miljoen euro, en wurdt betelle troch de provinsje, de gemeente Smellingerlân en it wetterskip. Yn 2024 moatte de earste boatsjes de grutte nije mar opsile kinne.