Soargen yn Harns en Mullum: "Wy tinke dat we al trije dagen in baktearje yn it drinkwetter ha"

05 jul 2021 - 19:01

Bewenners fan twa strjitten yn Mullum en Harns meie it wetter út de kraan net drinke, omdat der in gefaarlike baktearje yn sit. Se hearden it snein, mar se binne der bang foar dat it al sûnt freed spilet.

'As je siik wurde moatte je de dokter belje', en fierder krije we gjin kommentaar

Buertbewenners binne lilk. Doe't se sneintemiddei hearden dat se it wetter net drinke mochten, waard der net by sein om hokker baktearje it gie.

"We witte hielendal neat", seit buertbewenner Arjen Mintjes. "Freed wie it wetter der even ôf en we binne benaud dat we al 3,5 dei in baktearje yn it drinkwetter ha."

Trije moannen gaos

It is foar de bewenners de drip, nei't se al sûnt april yn de wurksumheden sitte en neat te hearren krije oer wat der no krekt bart. "We sitte al goed trije moannen yn de gaos."

"We binne as buert noait meinaam, der is noait in brief troch de brievebus goaid. En it duorret mar en duorret mar. Earst soe it 4 maaie klear wêze, dêrnei waard 11 maaie neamd. No is it noch net klear", lit Mintjes witte.

Yn totaal binne der 35 húshâldens troffen. By buorlju is de oprit der moarns úthelle, seit Mintjes, om liedingen te lizzen, mar sûnder dat it sein wie. "Dan kinne je ynienen net mear fan it hiem ôf."

Foto: Omrop Fryslan

By de gemeente wie oant no ta it gefoel dat alles goed kommunisearre waard mei de buert. No docht bliken dat dat ôffalt.

Wethâlder Harry Boon fynt dat dat better moat, foaral troch de bedriuwen dy't der oan it wurk binne. "Enige overlast is met dit soort dingen onvermijdelijk, maar het moet wel binnen de perken blijven."

De wurksumheden oan de wetterliedingen wurde útfierd yn opdracht fan wetterbedriuw Vitens. Dy lit yn in mail oan Omrop Fryslân witte dat it om de E. Colibaktearje giet. Neffens it RIVM feroarsaket dy baktearje ûnder normale omstannichheden gjin syktes by minsken, mar guon farianten kinne yn bepaalde gefallen wol foar problemen soargje.

Moandei binne alle liedingen trochspield en is it wetter op 'e nij test. Woansdei moat dúdlik wurde oft it wetter wer skjin is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)