Benelux Tour begjint dit jier yn Noardeast-Fryslân

05 jul 2021 - 17:30

De iennige grutte hurdfytswedstriid dy't dit jier yn Nederlân en België oer meardere dagen holden wurdt, begjint yn Surhústerfean. Dat meldt de organisaasje fan de Benelux Tour (foarhinne BinckBank-Tour). De toer is ein augustus en duorret sân dagen.

Profwielerronde Benelux Tour nei Noardeast-Fryslân

De Benelux Tour 2021 start op 30 augustus dit jier yn Surhústerfean. De earste etappen fan de eardere BinckBancktour fiere troch it Noardeasten fan ús provinsje.

Dit is moandei bekend makke troch de gemeenten Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen, de provinsje en organisator Golazo. "Het is een uitdaging om een mooi en veilige route te vinden", seit organisator Jo van Remortele oer de Benelux-Tour. "Maar die hebben we hier kunnen vinden."

Foto: ANP

It is noch net dúdlik hokker grutte nammen dielnimme sille. "Het is moeilijk in te schatten welke toppers we krijgen", seit Van Remortele. "Maar het gaat om de grote jongens. Rijders die bekwaam zijn in de Vlaamse of Waalse klassiekers. De teams sturen geen jongens van het derde garnituur dus ga er vanuit dat de beste toppers komen. De vorige editie werd gewonnen door Matthieu van der Poel. Om een beeld te krijgen."

Presintaasje yn boatsje

De presintaasje fan de ploegen sil op 29 augustus barre. Dat bart yn de binnenstêd fan Dokkum. De fytsers wurde presintearre yn boatsjes op it wetter fan it Lyts Djip. In dei letter is de earste etappe. Dy is 170 kilometer lang en giet fan Surhústerfean nei Dokkum.

It peloton docht Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, It Hegelân (yn Grinslân) en Noardeast-Fryslân oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)