Ynspeksje: Underwiis Hurdegaryp 'foldwaande', mar bestjoer net

05 jul 2021 - 17:32

De ûnderwiisynspeksje is fan oardiel dat it ûnderwiis op it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp 'voldoende' is. Dat blykt út it ynspeksjerapport, dat publisearre is troch de skoalle. It bestjoer moat syn wurk wol better dwaan.

It Tjalling Koopmans College - Foto: Omrop Fryslân

De skoalle wie nei de rjochter stapt om de rapporten geheim te hâlden, mar dy bepaalde dat de ûnderwiisynspeksje de rapporten publisearje mocht. Noch foardat dy dat dwaan koe, hat de skoalle de rapporten sels publisearre.

De rapporten komme nei bûten op de earste dei dat dosint Bert Mul wer oan it wurk wie op it Tjalling Koopmans College. Hy wie skorst nei in artikel fan Omrop Fryslân, dêr't yn stie dat in learaar de skoalle "een dictatoriale malafide organisatie" neamd hie, "en de leerlingen zijn de gijzelaars". De rjochter sei dat it net fêststiet dat Mul dy útspraak dien hat, en hy draaide de skorsing werom.

Neffens de rapporten foldocht de skoalle op meardere punten net oan de wet. Problemen yn de lessen en tekoartkommingen yn de begelieding soene net goed en effektyf oplost wurde, en by guon fakken moatte de lessen better ôfstimd wurde op de behoeften fan bern dy't mear útlis of begelieding nedich ha.

In ynspekteur fan de ûnderwiisynspeksje seit tsjin Omrop Fryslân dat it bestjoer net genôch sicht hat op de kwaliteit fan it ûnderwiis. "Het bestuur moet zijn werk beter doen. Het interne toezicht moet beter, en leraren moeten meer zeggenschap krijgen."

'Bern kinne net rekkenje'

Dosinten ha tsjin de ynspeksje sein dat it taal- en rekkennivo fan learlingen tekoart sjit. Dy soene basisfeardichheden misse. De skoalle hat gjin taal- en rekkenbelied. En dosinten sjogge net struktureel nei de achterstannen fan yndividuele learlingen. As se tinke dat der achterstannen binne, wurdt de stof mei de hiele klasse werhelle.

It bestjoer fan de skoalle hat in jier de tiid om de tekoartkommingen op te lossen. Begjin 2022 docht de ynspeksje opnij ûndersyk nei de kwaliteit fan it ûnderwiis yn Hurdegaryp.

De skoalle fjochtet de ynhâld fan it ynspeksjerapport oan by de rjochter. De learlingen soene folle better prestearje as bern op oare skoallen, seit it bestjoer, mar dêr hâldt de ynspeksje gjin rekken mei. Der soe hast noait ien sitten bliuwe. Dêrom wol de skoalle de wurkwize net oanpasse. Boppedat soe de ynspeksje by dizze skoalle stranger wêze as op oare skoallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)