Tal nije besmettingen yn Fryslân dei nei dei fierder omheech

05 jul 2021 - 15:37

Foar de fjirde dei op rige is yn Fryslân it tal nije coronabesmettingen omheech gien. Dat meldt RIVM. Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 24 nije besmettingen fêststeld. Dat is it heechste oantal yn mear as trije wiken.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

In dei earder, op snein, binne der 19 nije besmettingen registrearre. Yn trochsneed wiene der yn de ôfrûne wike 16 nije besmettingen deis. In wike lyn wiene dat der noch njoggen.

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Ljouwert (7). Dêrnei folget de gemeente Hearrenfean (4).

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne der 1.545 nije coronagefallen registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)