Rjochter: Ynspeksjerapport Tjalling Koopmans kolleezje mei iepenbier makke wurde

It ynspeksjerapport oer it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp mei iepenbier makke wurde. Dat hat de rjochtbank moandei besletten. It bestjoer fan de skoalle (Stichting voor Persoonlijk Onderwijs) hie de rjochtsaak tsjin de ynspeksje oanspand.
It Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp © Omrop Fryslân
Under de SvPO falle acht middelbere skoallen, wêrûnder de fêstiging yn Hurdegaryp. De ûnderwiisynspeksje ûndersocht op de skoalle de kwaliteit fan it ûnderwiis en it finansjeel behear. Ut de ynspeksje docht bliken dat in tal skoallen fan de koepel as 'zeer zwak' beoardiele waard. Mar de stichting wie it hjir net mei iens. Sy stelden dat de rapporten net folslein binne en de ynspeksje net soarchfâldich wurke.

Rapport skealik

It iepenbier meitsjen fan de rapporten soe de skoallen ûnterjochte te folle skea tabringe, sa sei de koepel. De rjochtbank is it hjir net mei iens. De rapporten moatte wol iepenbier wurde, want it iepenbier meitsjen fan de rapporten is wetlik ferplichte. Dit is opnommen yn de wet om't âlden en learlingen altyd it rjocht ha om te witten hoe't in skoalle derfoar stiet.