Aris Ljouwert begjint nije Nederlânsk-Belgyske kompetysje mei derby

De basketballers fan Aris Ljouwert sette de BNXT League útein mei in thúswedstriid tsjin Donar Grins. De BNXT League is in nije kompetysje dy't ûntstien is út de DBL, it heechste Nederlânske basketbalnivo, en de Belgyske heechste klasse.
© Orange Pictures
De earste wedstriid stiet pland foar freed 24 septimber om 20.00 oere. Donar waard yn it ôfrûne seizoen fan de DBL twadde yn de reguliere kompetysje en waard yn de play-offs om it lânskampioenskip útskeakele yn de heale finales.
Yn de earste faze fan de BNXT League spylje de Belgyske en Nederlânske klups in kompetysje fan achttjin wedstriden yn eigen lân. Fan febrewaris ôf begjint it ynternasjonale part fan de kompetysje, wêryn't de Belgyske en Nederlânske klups it ek tsjin inoar opnimme.
Aris Ljouwert einige yn it ôfrûne seizoen op it ien-nei-lêste plak yn de kompetysje.