Undersikers fine nei 80 jier útstoarn waande slak yn Waadsee

Undersikers fan it NIOZ (Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee) hawwe foar it earst yn tachtich jier in 'zuiderzeeschijfslak' fûn yn de Waadsee. De 'naaktslak' fan inkelde milimeters grut waard oant foar koart as útstoarn beskôge.
© nieuwewendingproducties.nl, Mick Otten
Earder dit jier waard dizze soarte ek al waarnommen yn de Oosterschelde yn Seelân.
De slak yn de Waadsee siet op in meunster dat yn it ôfrûne neijier nommen wie fan in koai mei hout. Dy koaien mei ferskate materialen wurde yn de see pleatst foar ûndersyk: it Waadmozayk-projekt.
Doel fan it projekt is te ûndersykjen wat it effekt is op it bioferskaat, as je it ferskaat oan habitats fergrutsje.

Sudersee

De slak waard eartiids faak oantroffen yn de eardere Sudersee. Nei de oanlis fan de Ofslútdyk feroare de brakke Sudersee yn de swiete Iselmar, wêrtroch't de slak hieltyd minder fûn waard.
Eksperts hawwe noch lang socht nei de slak, mar nei 1940 is hy net mear oantroffen. De resinte fynsten yn sâltwettergebieten wize derop dat de fersprieding nei alle gedachten breder is as earder tocht.
Mooglik is de soarte fanwegen syn lytse formaat yn it ferline oer de holle sjoen. De 'grutste' fan de fûne slakken is mar 2.8 milimeter grut.