Twa Fryske grinsrjochters yn heale finale op EK fuotbal

Assistint-skiedsrjochters Hessel Steegstra fan Snits en Jan de Vries fan Gytsjerk steane woansdei lâns de line by Ingelân - Denemarken yn de heale finale fan it Europeesk kampioenskip fuotbal. Dat hat de UEFA befêstige. Steegstra en De Vries binne de assistinten fan Danny Makkelie.
Jan de Vries en Hessel Steegstra © Omrop Fryslân
De wedstriid op Wembley yn Londen wurdt foar it trio it fjirde duel op dit EK. Earder stiene se yn de pûlfaze oan de lieding by Italië-Turkije en Ruslân-Finlân en yn de achtste finale tusken Ingelân en Dútslân.
Guon media melde dat 'Team Kuipers', mei de Rypster assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra, de EK-finale liede mei. Pas nei de heale finales wurdt lykwols offisjeel bekend makke wa't de finale yn goede banen liede moat.