Agraryske Dagen yn Frjentsjer geane opnij net troch om coronamaatregels

05 jul 2021 - 11:28

De Agraryske Dagen yn Frjentsjer geane dit jier opnij net troch. Dat hat it bestjoer fan Stichting Agrarische Dagen bekendmakke. De organisaasje fynt de ûnwissichheden wat de coronamaatregels oanbelanget te grut. It evenemint stie pland foar 15 oant en mei 19 septimber.

Foto: Agrarische Dagen Franeker

"Door alle onzekerheden over wat er de komende maanden gaat gebeuren en de regels waar we ons nu nog aan moeten houden zijn we tot de conclusie gekomen dat we steeds verder afdreven van waar we voor willen staan: een feest voor iedereen!", lit de organisaasje fia sosjale media witte.

It bestjoer rjochtet him no op it organisearjen fan de Agraryske Dagen yn 2022. Ek yn it gefal dat alle coronamaatregels noch ferfalle yn augustus, komt der dit jier gjin edysje. "Dan wordt het qua planning geen haalbare kaart", seit it bestjoer.

Trefwurden: 
Frjentsjer Agraryske Dagen
(Advertinsje)
(Advertinsje)