Partij voor de Dieren ferwolkommet wolf yn Fryslân

De Fryske en Drintske ôfdielingen fan Partij voor de Dieren hawwe snein by it begjin fan it saneamde wolvestek by Boyl de wolf yn Fryslân ferwolkomme. De aksje is in protest tsjin it wolvestek, dat neffens de partij in skynoplossing is.
© Anika Spijker
It soe neffens de partij sels yn striid wêze mei de Europeeske regels en de Wet foar natuerbeskerming. De skieppehâlders kinne better ynvestearje yn 'wolfwerende afrastering', seit de partij. Hjirfoar is subsydzje fan de provinsje beskikber.
Neist it doarp Boyl hat âld-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel ferline wike tiisdei de earste peal slein fan in proef-wolvestek. Mei it inisjatyf wol Stichting Wolvenhek Fryslân skiep en kij beskermje troch de wolf te kearen.