Dosint Bert Mul wer op Tjalling Koopmans College: "Mooi, maar ook spannend"

05 jul 2021 - 12:17

Dosint Bert Mul wie moandei foar it earst wer op it Tjalling Koopmans College nei't hy skorst waard fanwegen in kritysk ynterview by Omrop Fryslân. Woansdei bepaalde de rjochter dat Mul it skoaljier op de skoalle ôfmeitsje mei.

Dosint Bert Mul wer op skoalle

De dosint wie moandeitemoarn as earste op skoalle. "Ik ga eerst koffie zetten en dan vergaderen", seit Mul. "Ik heb heel veel zin om de leerlingen en mijn collega's weer te zien en ik denk dat dat wederzijds is."

"Ik ben wel een tijd weggeweest. Dus het is mooi om hier te zijn, maar ook wel spannend", seit Mul. "Ik verwacht en hoop dat we gewoon met elkaar op een fijne manier naar de vakantie toe kunnen werken."

Unmooglik

Neffens Marja de Bree fan ûnderwiisbûn AOb wurdt it Mul hast ûnmooglik makke om goed syn wurk te dwaan. De advokaat fan Mul sjocht ek dat de skoalle him beheiningen oplein hat: "We hebben begrepen dat hij maar beperkt op school zou mogen verschijnen. Hij zou tien minuten voor en tien minuten na de les aanwezig mogen zijn, hij zou zijn pauzes in een bepaald lokaal of buiten de school moet doorbrengen."

Mul sels hat fan de beheiningen neat fernaam, sei er nei ôfrin. "De dag is goed verlopen, het was een fijne dag. Het was heel fijn om de collega's en de leerlingen weer te zien. Ik hoop dat de rest van de week ook zo verloopt."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De situaasje op de skoalle fernuveret de advokaat fan Mul. "In de jaren dat ik dit werk doe, heb ik het nog nooit op deze manier meegemaakt. Meestal zegt een werkgever: 'ik neem mijn verlies, of wij nemen ons verlies.' Dan zegt een werkgever: 'kom maar weer werken, we kijken hoe we je nog kunnen rehabiliteren.'"

Dat gefoel hat de advokaat by dizze saak net. "Het gevoel hier is dat we te maken hebben met een werkgever die zijn verlies niet kan nemen, en waarbij ik me dan afvraag, is dit de manier waarop een werkgever met z'n personeel moet omgaan?" Neffens de advokaat hie it konflikt oars ôfhannele wurde moatten en de skorsing yn it belang fan de skoalle earder weromdraaid wurde moatten.

As bliken docht dat de situaasje foar Mul op de skoalle net noflik is, kinne mooglik in nije juridyske stappen nommen wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)