Undersyk nei rôfdieren smyt hûnderttûzenen foto's op

05 jul 2021 - 07:04

Undersikers fan de Ryksuniversiteit Grins ha dizze maitiid hûnderttûzenen foto's sammele yn Súdwest-Fryslân mei wyldkamera's dy't reagearje op beweging. It binne der safolle dat spesjale software mei algoritmen nedich is om sicht te krijen op wat it no krekt opsmiten hat. It ûndersyk rjochtet him op rôfdieren.

Rôfbisten ûndersyk smyt hûnderdtûzenden foto's op

Fan de 120 wyldkamera's binne 60 by greidefûgelnêsten pleatst, mar ek 60 op dammen. Dêr komme net allinnich rôfdieren foarby, mar ek potinsjele proaien, lykas hazzen.

Dêrmei hoopje de ûndersikers in kompleter byld te krijen, seit Rienk Fokkema fan de Ryksuniversiteit Grins: "Dan kunnen we de vergelijking maken: wat is er normaal gesproken aan predatoren aanwezig in het landschap en wat zie je uiteindelijk terug bij de nesten?" In foarbyld: "Je hebt plekken waar je wel dassen ziet, maar je ziet ze dan helemaal niet terug bij de nesten."

Mar de kamera's litte dus ek oare bisten sjen, lykas mûzen en hazzen. Dy wurde fretten troch rôfdieren. As dêr in soad fan binne of just in hiel lyts bytsje, kin dat ynfloed hawwe op hoefolle rôfdieren oft der binne en wat sy krekt frette. Nei dy relaasje binne de ûndersikers ek hiel benijd.

Noch gjin konklúzjes, earst mear ûndersyk

It is de earste kear dat dit ûndersyk hjir sa dien wurdt en dat betsjut dat der no noch net in soad konklúzjes út de bylden lutsen wurde kinne.

Fokkema: "Pas als we blijven meten op dezelfde manier in de toekomstige jaren, dan kunnen we echt gaan vergelijken tussen jaren, maar ook tussen gebieden."

Dan kinne de ûndersikers in gefoel krije fan wat der bart as it tal mûzen feroaret: "Verandert dat iets aan het aantal predatoren dat we op de camera's zien? Zien we bijvoorbeeld ook verschillen in het soort predatoren tussen de types landschappen?"

Ien fan de wyldkamera's op in daam - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Sa nei de earste maitiid dêr't dit ûndersyk yn rint, komme der al bysûndere waarnimmingen nei boppen, sjocht Fokkema: "Eén belangrijk ding is wel dat de dassen veel wijd verspreider zijn in het studiegebied dan we dachten. We zien ze wel in het zuiden van het studiegebied, maar ook veel meer richting Workum."

Dus yn stee fan dat it echt tradisjonele boskbisten binne, lykje se har echt fêstige te hawwen yn it greidelânskip.

"Verder hebben we ook de wasbeerhond op de camera's gezien op twee plekken. En één keer ook bij een nest. Die lijkt toch ook op te rukken in Fryslân. En een andere die heel leuk is, is de otter. Die hebben we op drie plekken gezien. In het jaar van de otter is dat toch wel weer leuk!"

Ansjofisk

Wat ek opfalt, is dat in behoarlik tal katten net "in de mand" hâlden wurdt, dêr't yn dizze maitiid wol om frege waard yn in kampanje.

Ien kat stie der wol hiel opfallend op yn in spesjale strúkrôversfal, wêrby't wurke waard mei in blikje ansjofisk dêr't in gatsje yn makke waard. De toskôfdrukken stiene yn it blikje.

In kat besiket in blikje anjofisk iepen te krijen yn in saneamde strúkrôverskamera - Foto: Rienk Fokkema

De ûndersikers moatte no mei alle foto's oan 'e slach. En dat binne der in hiel soad. Op guon foto's stiet ek allinnich mar reid of gers, dat troch de wyn hinne en wer gong, wêrnei't de kamera in automatyske foto makke.

De kompjûter moat leare

In kompjûter mei algoritmen moat no helpe by it meitsjen fan in seleksje, leit Fokkema út: "Dat is een systeem van kunstmatige intelligentie. Eigenlijk houdt dat in dat computers zelf leren: dit is deze predator."

Dy kompjûter moat dus traine en leare: "Wat is een marter, een vos of een das. Dan kan zo'n computersysteem ons helpen om te zeggen wat de interessante beelden zijn, waar de predatoren op staan of waar hazen en reeën op staan."

As de kompjûter der net sels útkomt, kin dy ek oanjaan wêr't de ûndersikers noch nei sjen moatte. "Maar het kan een hoop werk schelen als de computer een deel van het werk voor je kan doen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)