Blije krijt fan dizze wike ôf in 'Terp fan de Takomst'

05 jul 2021 - 06:19

De bou fan de Terp fan de Takomst set dizze wike útein by Blije. De terp moat de ferbining tusken it doarp en it Waad sichtber meitsje. It doarp wol wer 'mei it gesicht nei de Waadsee wenje, libje en wurkje'.

Ympresje fan de Terp fan de Takomst - Foto: Observatorium Rotterdam

"Dit is hiel bysûnder", seit inisjatyfnimmer Harry Feenstra. It doarpsbelang, It Fryske Gea en Sense of Place ha jierren dwaande west om in terp te krijen. "We ha wolris tocht: it wurdt allegearre neat mear. Mar no stiet der in grutte kraan by de dyk en bouwe we echt wat mei inoar."

Goed tsien jier lyn hat it doarp sein dat Blije mear ferbining mei it Waad krije moat. "Dat soe it moaist kinne mei in soarte fan 'beleefplek' bûtendyk", neffens Feenstra. "Dat is útdraaid op in terp, de terp fan de takomst."

We wolle mei de terp it ferhaal fertelle fan ús skiednis en lânskip.

Inisjatyfnimmer Harry Feenstra fan de terp

Joop Mulder silger hie der allegear ideeën oer, seit Feenstra. Mulder wie de inisjator fan Sense of Place. It doel dêrfan is om de natuer, lânskip en de kultuerhistoarje fan it Waadgebiet better sichtber te meitsjen.

"We wolle mei de terp it ferhaal fertelle fan ús skiednis en lânskip", seit Feenstra. "It idee fan Mulder wie ek om plakken te meitsjen yn it lânskip dêr't minsken de kultuer en natuer belibje kinne."

Ympresje fan de Terp fan de Takomst - Foto: Observatorium Rotterdam

De terp moat yn oktober fan dit jier klear wêze. By Arcadia, it ferfolch op Kulturele Haadstêd, wurdt it yn gebrûk naam. Der leit al in fyts- en kuierrûte nei de terp fan Hegebeintum ta. Dat is de heechste terp fan Fryslân.

Doarpsbelang presintearre de plannen yn 2017 al (fragmint fan 6'12 ôf):

(Advertinsje)
(Advertinsje)