Flinke reinbuien soargje foar wetteroerlêst yn Fryslân

04 jul 2021 - 19:47

Ferskate strjitten yn Easterwâlde binne sneintejûn blank komme te stean nei in tal flinke reinbuien flak achter elkoar. De brânwacht hat tal fan meldingen binnen krigen fan wetteroerlêst.

Wetteroerlêst yn Easterwâlde nei flinke reinbuien - Foto: Noordernieuws

Ien strjitte yn Easterwâlde hat ôfsletten west omdat de brânwacht dêr it wetter weistreame litte woe. Ek út Aldskoat en Wâldsein kamen sneintejûn meldingen fan wetteroerlêst.

Koade giel

Waarman Piet Paulusma en ek de KNMI warskôgen al foar needwaar yn ûnder oare Fryslân. Der komme tongerbuien oer ús provinsje. Dêrby komt hurde wyn, mooglik hagel en in protte delslach yn koarte tiid.

Oanfanklik jilde oant 21.00 oere koade giel yn Fryslân. Dy warskôging waard in goed oere earder al ynlutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)