Chris Wassenaar (48) wer op de haadklasse: "Hé âlde, snein even keatse?"

04 jul 2021 - 20:44

Hy soe eins in wylde partij keatse mei syn omkesizzer, mar troch in blessuere fan Jelle Attema stie Chris Wassenaar, 48 jier yntusken, snein yn Stiens tusken de haadklassekeatsers. "Dat fiel ik no ek wol", sei Wassenaar nei ôfrin. It liif wol net mear sa goed as in jier as fyftjin lyn, mar hy sleepte noch wol in finaleplak út it fjoer.

"No earst in wike bekomme", sei Wassenaar nei in lange dei keatsen:

"Myn omkesizzer is no wat lilk, dat snap ik wol. Mar it is ek wol moai om dit mei te meitsjen." It baltsje begûn freed te rôljen, doe't Jelle Attema blessearre rekke op It Hearrenfean. Achterynse Pieter Jan Leijenaar fan Attema syn partoer siet dy jûn by Wassenaar thús op de bank.

Hy skarrelet wat mei myn dochter. Dan is it lestich om nee te sizzen.

Wassenaar waard frege troch Pieter Jan Leijenaar

"Hy skarrelet wat mei myn dochter", laket Wassenaar. "Hy sei freed: 'Hé âlde, kinst snein ek noch even keatse?' Dan is it lestich om nee te sizzen."

Wassenaar naam yn 2009 al ôfskied fan it haadklassekeatsen. Foarich jier foel er ek alris yn, mar doe kaam er net foarby de earste omloop. Snein yn Stiens wol. "Je wolle altyd winne. Fan tefoaren tinkst datst net winne kinst en dat it al moai is om leuk mei te dwaan. Mar we hienen in kear in gelokje en it falt krekt de goede kant op."

Sels yn de finale tsjin Tjisse Steenstra en dy kaam it partoer fan Wassenaar noch aardich mei. "We hienen ôfpraat: we moatte deeglik keatse, net te folle flaters meitsje. Dan kinne we miskien by bliuwe."

De piip rekke leech

Uteinlik gong de winst mei 5-3 en 6-2 dochst nei Steenstra. "De piip rekke stadichoan wat leech. Pieter Jan wie ek al hiel gau op, dus dan wurdt it dreech."

Gabe-Jan van Popta, Chris Wassenaar en Pieter Jan Leijenaar - Foto: Henk Bootsma

Njonken Wassenaar en Leijenaar bestie it partoer út foarynse Gabe-Jan van Popta, dy't in magistrale dei hie. "Foarich jier hie ik alris tsjin him keatst op de earste klasse", seit Wassenaar. "Ik tocht: bliksem, dy hoecht ek gjin moaie bal. Sa wie it hjoed ek."

Foarby de 700

Troch syn finaleplak is Wassenaar no foarby de 700 punten yn it ivige keatsklassemint. Hy is pas de sechsde keatser yn de skiednis dy't dat slagget. "Hiel fier yn de achterholle witte je dat wol. Ik hie tocht dat it der noait mear fan komme soe. En it is mar ien puntsje boppe de 700 no, mar it is toch wol moai."

De top fan it keatsklassemint by de manlju:

  1. Piet Jetze Faber, 885
  2. Hotze Schuil, 876
  3. Taeke Triemstra, 804
  4. Wiebren van Wieren, 785
  5. Sake Saakstra, 770
  6. Chris Wassenaar, 701
  7. Tunno Schurer, 695

Oft Wassenaar de kommende wiken faker op 'e haadklasse keatst, dat wit er noch net. "Moatst de mannen mar freegje oft se my wer mei ha wolle. Ik moat no earst in wike bekomme."

(Advertinsje)
(Advertinsje)