Mear as 25.000 boetes by trajektkontrôle Drachten - Donkerbroek

04 jul 2021 - 19:10

Op de N381 tusken Drachten en Donkerbroek binne sûnt de ynfiering fan de trajektkontrôle mear as 25.00 boetes útdield. Yn hiel Nederlân is der mar ien N-dyk dêr't de trajektkontrôle mear boetes opsmiten hat.

In trajektkontrôle op de N381 tusken Drachten en Wynjewâld - Foto: ANP

Dat meldt de NOS op basis fan sifers fan it Iepenbier Ministearje. Sûnt trajektkontrôles op provinsjale diken ynfierd binne, no oardel jier lyn, binne dêrtroch 200.000 boetes útdield.

De measten dêrfan wienen op de N325 tusken Westervoortsedijk en Huissen, by Arnhem: 36.442. Dêrnei komt de N381, mei 25.161. It giet om sifers oant en mei 30 april dit jier.

Twa Fryske N-diken mei trajektkontrôle

Op njoggentjin N-diken troch hiel Nederlân binne no trajektkontrôles ynfierd. Twa dêrfan binne op Fryske diken. Ien dus tusken op de N381 sûnt ôfrûne novimber, de oare op de N351 tusken Wolvegea en Easterwâlde. Dy is op 17 augustus ferline jier yn wurking steld.

Moandei komt de tweintichste en lêste provinsjale trajektkontrôle derby. Dat is de N205 yn de omkriten fan Hoofddorp.

In kaart fan de NOS mei de N-diken dy't in trajektkontrôle ha - Foto: NOS

Snelheidsoertredingen wurde automatysk trochset nei it Centraal Justitieel Incassobureau en dêrnei komt der in boete. Neffens it Iepenbier Ministearje ha de kontrôles in soad doel en binne se nedich.

Provinsjale diken binne de gefaarlikste diken fan Nederlân, seit it OM. Sawat in kwart fan alle ferkearsdeaden falt op provinsjale diken, wylst mar seis prosint fan de diken yn Nederlân in provinsjale dyk is. Dy sifers wiene ek de oanlieding om trajektkontrôles yn te fieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)