Cambuurtrainer Henk de Jong: "Nije spilers moatte net foar it jild komme"

04 jul 2021 - 20:24

"No't sels klups yn de earste difyzje al dikkere salarissen betelje kinne as wy, moatte we it echt ha fan jonges dy't komme foar de klup mei de folle tribunes en de fanatike achterban. Dêr wurdst as spiler ek better fan." Dat sei Cambuurtrainer Henk de Jong snein yn it radioprogramma Buro de Vries.

De Jong siet snein in oare lang oan tafel by Buro de Vries:

It folsleine petear mei Henk de Jong is ek as podcast te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcasts-apps. Op dizze pagina fynst ek oare podcasts fan Omrop Fryslân.

Cambuur begûn ôfrûne wike mei de tarieding op it nije seizoen, mei in koart trainingskamp op It Amelân. De seleksje is noch net al te breed. "We sille wat geduld ha moatte", seit De Jong. "It wurdt letter pas dúdlik hokker spilers fia in hierkonstruksje komme kinne en wolle."

De fanatike MI-Side fan Sportklup Cambuur - Foto: Orange Pictures

Hoe earder De Jong syn seleksje kompleet wurdt, hoe better de tarieding op it seizoen ferrint. "It leafst ha 'k se der sa gau mooglik by, om't we ek fêste patroanen ynslypje wolle. Mar ja, wurdt dreech. We wolle trouwens sowieso wat spesjaals ha: spilers dy't ek de oaren better meitsje kinne."

"Der moat noch wol wat by", seit De Jong oer syn seleksje

De Jong is wol wiis mei wat er no hat: "Wa ha twa jier op topnivo yn de earste difyzje spile, dus der sit wol nivo yn. Mar op de fleugels en linksefteryn wol ik der noch graach wat by ha."

It gie yn it petear yn Buro de Vries fansels oer fuotbal en de klup, mar oer oare saken, lykas syn woartels ("in hiel gewoane húshâlding"), syn ynspiraasje ("de leararen fan it CIOS, lykas Foppe de Haan"), syn favorite muzyk ("Bruce Springsteen, U2, André Hazes, Herman Brood en Deep Purple"), en de takomst.

Ik bin hiel gelokkich op it plak dêr't ik no sit.

Henk de Jong sjocht de takomst yn de eigen omkriten lizzen

Wat De Jong oanbelanget leit dy takomst yn de buert. "Ik bin hiel gelokkich op it plak dêr't ik no sit. Mei de klup en mei it nije hûs dêr't we krekt hinne ferhuze binne. Mei in grutte tún: sit ik moai wat op de meander, prachtich man!"

Respekt foar SC Hearrenfean

Troch de promoasje fan Cambuur is de Fryske derby nei seis seizoenen werom op it heechste nivo. Oer de animositeit tusken SC Cambuur en SC Hearrenfean makket De Jong him net sa drok. "As spilers en stêf ha we oer en wer in soad respekt foar inoar, mar op it mêd fan de supporters leit dat oars. Dat snap ik wol, mar ik soe - krekt as René van der Gijp - sizze: 'Laat gaan'."

Yn de simmerwiken ûntfangt Buro de Vries tusken 12.00 en 13.00 oere op sneins in saneamde simmergast. Henk de Jong wie de earste. Alle ôfleveringen fan de podcast fan Buro de Vries binne op dit plak werom te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)