Partoer Steenstra yn finale te sterk foar ferrassende Chris Wassenaar (48)

04 jul 2021 - 16:50

De yntusken 48-jierrige Chris Wassenaar hat op de frijeformaasjepartij yn Stiens krekt net foar in grutte ferrassing soargje kind. Mei Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar ferlear er yn de finale mei 3-5 en 2-6 fan Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.

De winners yn Stiens: Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra - Foto: Henk Bootsma

Chris Wassenaar wie de ferfanger fan de blessearre Jelle Attema. De reus fan Minnertsgea hie yn 2009 al ôfskied naam fan it haadklassekeatsen. Ferline jier die er al in kear mei op 'e haadklasse, mar doe kaam er net fierder as de earste omloop.

Snein yn Stiens gong it better: yn de earste omloop wûnen Wassenaar en dy fan Auke Boomsma, Hyltje Bosma en Patrick Scheepstra. Dêrnei moasten ek Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra deroan leauwe, mei alles oan 'e hang.

Yn de heale finale stie it trio Wassenaar tsjinoer it partoer dat freed de earste frijeformaasjepartij wûn hie: Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. De wedstriid gong lang lykop. Op 5-4 en 6-4 makke Gabe-Jan van Popta mei in boppeslach dien wurk.

Steenstra te sterk yn finale

Tsjin Steenstra, Hiemstra en Hans Wassenaar moasten Chris Wassenaar en dy dochs belies jaan. Se kamen noch wol werom fan 0-2 oant 2-2 en letter fan 2-5 oant 3-5. Mar op 3-5 en 2-6 wie it klear.

Foto: Omrop Fryslân

Troch syn plak yn de finale is Chris Wassenaar no wol de sânhûndertpuntegrins foarby yn it ivige keatsklassemint. Hy stie op 699 en giet no nei 701 punten. Wassenaar is ien fan de seis keatsers yn de skiednis dy't op syn minst sânhûndert punten helje.

De top fan it keatsklassemint by de manlju:

  1. Piet Jetze Faber, 885
  2. Hotze Schuil, 876
  3. Taeke Triemstra, 804
  4. Wiebren van Wieren, 785
  5. Sake Saakstra, 770
  6. Chris Wassenaar, 701
  7. Tunno Schurer, 695

Steenstra en dy wienen yn de earste omloop te sterk foar Enno Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten. Nei winst op Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong wie Steenstra wis fan de finale, troch in steand nûmer yn de heale finale.

Partoer Sijbrandij wint seizoensiepening by froulju

By de froulju wie de seizoensûvertuere yn de frije formaasje in proai foar itselde partoer dat foarich jier de PC wûn: Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra.

Foto: Henk Bootsma

Yn de finale yn Kimswert wienen se mei 5-4 en 6-2 de baas oer Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma. Op dy stân pleatste Sijbrandij in sitbal.

De tredde priis wie foar it trio Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia. Sy ferlearen yn de heale finale mei alles oan 'e hang fan it partoer fan Tineke Dijkstra. Tuinenga sloech doe de opslach kwea.

(Advertinsje)
(Advertinsje)