Boargemaster Grins baalt fan útspraken Dútslân yn FryslânDOK oer Lelyline

04 jul 2021 - 20:00

Boargemaster Koen Schuiling fan Grins baalt fan de útspraken fan de Dútske steatssekretaris oer de Lelyline. Enak Ferlemann seit by Omrop Fryslân dat in spoarline fan Grins nei Oldenburg net geskikt is foar in flugge ynternasjonale treinferbining tusken Nederlân en Skandinavië.

De Grinzer boargemaster Koen Schuiling - Foto: ANP

Ferlemann docht syn útspraken yn de FryslânDOK Spoarsykje, dy't Omrop Fryslân dit wykein útstjoert. Neffens Schuiling slacht it Dútske bûnsregear de planke mis. Dat seit er yn it Dagblad van het Noorden.

De Dútske autoriteiten ha neffens Ferlemann sjoen nei sa'n rappe spoarline fan Nederlân oer Hamburg nei Skandinavië. Dy flugge ferbining wurdt faak neamd as wichtich argumint foar de oanlis fan de Lelyline: de spoarline fan Lelystêd nei Grins oer It Hearrenfean en Drachten.

It trajekt fan de Lelyline - Foto: Omrop Fryslân

Mar neffens Ferlemann wenje der yn Noard-Nederlân en it gebiet westlik fan Bremen te min potinsjele reizgers om sa'n flugge spoarline rendabel te meitsjen.

Reizgers soenen earder oer Osnabrück reizgje, tinkt Ferlemann:

Dútslân moat neffens Schuiling net allinnich it tal reizgers telle dat út de auto helle wurdt mei sa'n rappe spoarline, mar ek sjen nei hoe't de grinsregio's ekonomysk profitearje. De Grinzer boargemaster tinkt dat de útlittings fan Ferlemann skealik binne foar de Lelyline.

Sjoch hjir nei de FryslânDOK Spoarsykje:

(Advertinsje)
(Advertinsje)