Tal nije coronabesmettingen yn Fryslân fierder omheech

04 jul 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 19 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It is ien mear as sneon. Doe gie it om 18 besmettingen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn trochsneed wie it oantal besmettingen yn de ôfrûne wike deis trettjin. Sneon lei dat trochsneed noch op tolve, in wike lyn op tsien.

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Tytsjerksteradiel mei fjouwer. Dêrnei folgje Noardeast-Fryslân en Weststellingwerf mei elk trije besmettingen. Fan de 18 Fryske gemeenten bleaune der njoggen frij fan registrearre besmettingen.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

Lanlik

Lanlik binne 1.239 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden der lanlik 843 besmettingen deis registrearre.

Yn hiel Nederlân lizze foar it earst sûnt septimber 2020 minder as hûndert coronapasjinten op de intensive care. It binne der no 99. Dat blykt út sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)