Plysje siket tsjûgen fan needlottige ferdrinking yn Ljouwert

De plysje siket tsjûgen fan de ferdrinking fan in 19-jierrige jonge by de Ljouwerter Blokhúspoarte op 26 juny. Der wurdt fanút gien dat it om in needlottich ûngelok gie. De plysje hat al kamerabylden sjoen en mei oare tsjûgen praat, mar sy wolle graach noch in krekter byld fan wat der bard is.
© CAMJO media
It slachtoffer foel tusken 07.05 en 07.21 oere yn it wetter. Wa't doe wat sjoen hat, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.