Opera Spanga giet definityf troch: coronaproof opfiering fan 'Carmen'

04 jul 2021 - 12:05

Mei de ferrommingen op de coronamaatregels kin ek Opera Spanga wer trochgean. Dit jier fiert it kollektyf de opera Carmen op, fan 24 july oant en mei 7 augustus oan de Lindedijk yn Spangea. Begjin dit jier wie it noch ûnwis, mar mei coronatagongsbewizen is der no definityf publyk wolkom.

De promoasjeposter fan Carmen - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Minsken kinne bewize dat sy frij binne fan it coronafirus mei de CoronaCheck-app. Der sil wol minder publyk by wêze as oars en de organisaasje hat allerhanne maatregels troffen lykas fentilaasje.

It ferhaal fan de opera giet oer Carmen, in moaie frou dy't bemind wurdt troch in soad minsken, mar dy't eins hiel ûnwis is en wrakselet mei iensumens.

Trefwurden: 
Spangea Opera Spanga Carmen
(Advertinsje)
(Advertinsje)