Plysje op syk nei fertochte mishanneling yn De Westereen

04 jul 2021 - 11:15

De plysje hat sneon yn De Westereen en omkriten om 'e nocht socht nei de fertochte fan in mishanneling. In man soe in frou mishannele hawwe en dêrnei útnaaid wêze. Letter waard er sjoen yn it wetter fan De Swemmer.

De plysje kaam mei meardere teams yn aksje om te sykjen. Der kaam ek in plysjehelikopter oan te pas, dy't oerkaam fan Schiphol. De fertochte is noch net fûn. It slachtoffer fan de mishanneling is opfongen troch minsken dy't der yn de buert wiene en letter troch de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)