Baldadigens by rotonde Gytsjerk: jongelju hawwe it foarsjoen op buorden

04 jul 2021 - 10:34

By de rotonde fan Gytsjerk yn de Trynwâldsterdyk en de Nieuwe Straatweg hat yn de nacht fan sneon op snein baldiedige jongerein aktyf west. Neffens it doarpsbelang hawwe jongelju ien boerd meinommen en twa buorden fernield.

De rotonde doe't it boerd der noch wie - Foto: Google Street View

De baldadigens hat neffens doarpsbelang om in oer as 4.00 yn de nacht west. It boerd dat meinommen is, is in rûn, blau boerd mei rotondepylken. It doarpsbelang docht in oprop oan de jongelju om harren te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)