Inez Timmer fan Weidum wint it Ouderen Songfestival

Inez Timmer fan Weidum hat it Ouderen Songfestival wûn: de 66-jierrige sjongster krige likegoed de faksjuery- as de publykspriis. Timmer hie it net ferwachte, sei sy by de priisútrikking yn it DeLaMar Theater yn Amsterdam: "Ik had het gehóópt."
Inez Timmer yn 'e prizen © Inez Timmer | Ouderen Songfestival
De winners fan it Ouderen Songfestival waarden bekend makke troch sjueryfoarsitter Harry Slinger en presentatrise Dolly Bellefleur. Eltsenien fan 55 jier en âlder kin meidwaan oan it Ouderen Songfestival. Der binne ferskate foarrondes yn it lân, dy yn Ljouwert wie yn Neushoorn.
Timmer mocht har repertoire twa kear hearre litte by de grutte finale, sy song Joodse vrouw fan Ruut Weissman en George Groot.

"Dat is Weidum"

"En dan thuiskomen, je huis versierd met vlaggetjes aantreffen, tekeningen in de brievenbus, een krant van de buren, dat is Weidum. Ik ben een dankbare dorpsbewoner. Iedereen die mij vandaag heeft gesteund, in Friesland of daar buiten, heeft een plekje in mijn hart", skreau Timmer op sosjale media.