Ynslûper fan hûs oan de Drachtster Suderdwersfeart naait út

04 jul 2021 - 09:04

Bewenners fan de Suderdwersfeart yn Drachten hawwe sneintemoarn in ynslûper oantroffen yn harren hûs. De persoan is doe fuortendaalks útnaaid.

Foto: ProNews

It barde krekt foar 8.00 oere moarns. De plysje waard ynskeakele, mar nei in sykrûnte troch de wyk is de persoan noch net fûn. Mooglik giet it om in ynbrekker. Foar safier bekend is der neat meinaam út it hûs wei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)