Underhâld oan A32 tusken It Hearrenfean en Teridzert: ferskate ôfslutingen

04 jul 2021 - 08:09

Rykswettersteat docht de kommende twa wiken grut ûnderhâld oan de A32 by It Hearrenfean. It giet om de westlike rydbaan tusken It Hearrenfean en Teridzert. Dy is twa wiken ticht, it wurk wurdt tusken 5 en 20 july dien. It ferkear wurdt dan oer de oare helte fan de dyk laat.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Fanwege it wurk binne parten fan de dyk op bepaalde mominten ticht. Dat begjint moandeitejûn mei in tal op- en ôfritten fan de eastlike rydbaan. Der binne omliedingsrûten, dy wurde mei giele buorden oanjûn.

Op fiif nachten binne ek de ôfritten nei fersoargingsplakken Dorpshellen en De Weeren by Aldeholtwâlde ticht. Weibrûkers dy't tanke of skoft hâlde wolle, moatte dan fierder ride nei it folgjende plak.

Mear ynformaasje oer it wurk en de omliedingen is te finen op www.rijkswaterstaat.nl en www.vanAnaarBeter.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)